Muzyk Maskelyn fan 24 maart 2013

Hjoed yn Muzyk Maskelyn op 'e nij omtinken foar it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF. It konkoers wurdt twa kear yn it jier hâlden yn de Lawei fan Drachten. Yntusken hawwe wy alwer opnamen makke fan it konsertkonkoers fan maart, yn dizze útstjoering litte wy de opnamen hearre fan it konkoers fan 10 novimber ferline jier. Wy binne ta oan brassband 'De Bazuin' út De Trieme-Westergeast. De band stiet ûnder lieding fan dirigint Hille van Hijum en komt út yn de fjirde divyzje.

It Eurobrass Drachten festival fan ferline jier waard hâlden op 8 en 9 juny yn de Lawei fan Drachten. Brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster-Strobos kaam út yn de C-groep en spilet ûnder lieding fan dirigint Piet van der Heide fjouwer wurken.

Oan de ein fan de útstjoering noch in opname fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen fan ferline jier mei in orkest fan bûten de provinsje. De kampioenskippen waarden lyk as it konsertkonkoers en Eurobrass ek hâlden yn de Lawei fan Drachten en wol op freed 27 en sneon 28 april ferline jier. Alle Fryske dielnimmers hawwe wy al hearre kind, yn Gruttegast is Omrop Fryslân ek op de radio te belústerjen. Hjoed yn de útstjoering fanfare CMV Oranje fan Gruttegast, it orkest spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg en kaam út yn de twadde divyzje.

Brassband 'De Bazuin' fan De Trieme-Westergeast spilet ûnder lieding fan Hille van Hijum:
Make me a channel of your peace - traditional
La Viuda Negra - Carl Wittrock
Prevision - Jan de Haan

Brassband 'Gloria Deï' fan Gerkeskleaster-Strobos spilet ûnder lieding fan Piet van der Heide:
A Fanfare of Daffodils from Five Blooms in a Welsh Garden - Gareth Wood
The Turtle Dove - arr. Etienne Crausaz
Adagio from Concerto de Aranjuez - Joaquin Rodrigo / arr. Kevin Bolton
The Saga of Haakon the Good - Philip Sparke

Fanfare CMV 'Oranje' fan Gruttegast spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
Hellehonden - Jan Bosveld

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 24 maart 2013

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)