Muzyk Maskelyn fan 23 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan de Provinsjale Brassband Grins op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Grins spile ûnder lieding fan dirigint Anno Appelo yn de A-groep (kampioensdivyzje ) op freed 2 wurken en sneons 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de fyfde divyzje, útfierd troch fanfare 'Crescendo' fan Makkingea ûnder lieding fan Rolf Dekker.

Freed 5 oktober jout it 'Orkest Koninklijke Luchtmacht' in benefytkonsert foar de stifting 'Bewegen voor Overleven' yn in hangaar op de fleanbasis fan Ljouwert. Der is plak foar tûzen minsken en opjaan kin fia de webside http://www.bewegenvooroverleven.nl, kaarten kostje 15 euro it stik. Gastoptreden is ûnder mear fan de Fryske sjongeres Denise Rivera. Foarich jier hawwe we opnamen makke fan dit orkest yn sportsintrum 'It Gryn' yn Stiens en dat wie op sneon 10 septimber. De kapel bestie doe 60 jier. Yn dizze útstjoering litte wy in opname hearre fan dit profesjonele orkest, de opbringst fan dit konsert komt hielendal ten goede fan projekten op it gebiet fan boarstkanker.

De 'Provinsjale Brassband Grins' spilet ûnder lieding fan Anno Appelo:
Lament - Peter Meechan
Spiriti - Thomas Doss
Into the Light - Philip Wilby
The Day Thou Gavest - C.C. Scholefest / arr. Philip Wilby
Concerto for Trumpet - Harry James / solist op trompet Richard Visser
Tour de Band - Frode Rydland

Fanfare 'Cresecendo' fan Makkingea spilet ûnder lieding fan Rolf Dekker:
Flashes for Band - Jan Segers

It 'Orkest Koninklijke Luchtmacht' spilet ûnder lieding fan Lode Mertens:
Celebrations Nuts - Trad. / arr. M. van Nispen tot Pannerden

Gearstalling: Aise van Beets

Muzyk Maskelyn fan 23 septimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)