Muzyk Maskelyn fan 23 juny 2013

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan 'Heman' op it Euro Brass Drachten festival 2013. De 12e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 7 juny en sneon 8 juny 2013 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Súdwolde spile ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg yn de B-groep op sneon trije wurken. Ferline wike ha wy dêr twa fan hearre litte kinnen, hjoed it grutte wurk. De band behelle mei it optreden it heechst oantal punten yn de B-groep.

Backum Brass is in brassband út Kastrikum en kaam út yn de C-groep en behelle ûnder lieding fan dirigint Anno Appelo dêr it heechst oantal punten.
De band spile op sneon 8 juny fjouwer wurken en de opnamen komme hjoed foarby yn dizze útstjoering.

Op sneon 19 maart 1988 hawwe we opnamen makke fan it Frysk Fanfare Orkest yn kulureel sintrum 'Geert Teis' yn Stadskanaal. Dêr waard in pedagogyske dei organisearre troch it muzykbûn NFCM. De fanfare spile ûnder lieding fan Jouke Hoekstra fiif wurken, trije litte wy hjoed hearre!

Brassband 'Heman' út Súdwolde spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
Chivalry - Martin Ellerby

Backum Brass út Kastrikum spilet ûnder lieding fan Anno Appelo:
Prelude on 'Tallis' - Peter Graham
Tripartita - Rodney Newton / solist op bugel: Clenn Keizer
Penlee - Simon Dobson
Mars 'Croydon Citadel' - Brindley Boon

It Frysk Fanfare Orkest spilet ûnder lieding fan Jouke Hoekstra:
Choral Impromptu - Sierd de Boer / arr. Dirk Annema
Serenade for solo saxofoon and band - Frank Bencriscutto / soliste op altsaksofoan: Harmke Bijlsma
Amsterdam Harbour - A.E. Kelly

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 23 juny 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)