Muzyk Maskelyn fan 22 septimber 2013

  • Spiler wurdt laden

Jierren lynt wie der wykliks in programke fan in heal oere, gearstald troch Simen Dykstra:
"Sjonge en Spylje", koaren en korpsen út Fryslân. Piebe Bakker wie der doe ek al bij belutsen.
Doe't Simen Dykstra der yn 1982 mei ophold is Janny Hoekstra mei it programma troch gien. Jan Ottevanger is der doe ek bij kaam en it programma krige in oare namme: Muzyk Maskelyn. De namme is betocht troch Geale de Vries, dy't doetiids wykliks in Frysk praatsje hold oer Fryske siswizen en sa op Radio Fryslân.
Maskelyn betsjut in gerjocht mei earten en beannen. Doel wie in mjuks fan allerhanne muzyksoarten yn Muzyk Maskelyn te bringen. Dat is wol aardich slagge, mar yn de praktyk kaam de haadsaak dochs wol bij de hafabra te lizzen.
Yn it begjin moast der foar alle opnames in reportaazjewein mei technikus út Hilversum oanfrege wurde.
Letter krige de Omrop sels in reportaazjewein en is benammen Fred Steusel faak ynset foar út opnames. En wer wat letter bin ik in soad op stap west mei de reportaazjewein, as assistent fan Fred Steusel en letter as technikus mei Joop Scholten as assistent.
Piebe Bakker, Jan Ottevanger en Janny Hoekstra wiene in frij hecht team en sy ha it altyd mei in protte nocht dien.
It wie in moaie tiid.

Spitigernôch is it hjoed safier, nei rom 30 jier is der yn de nije programmearring fan Omrop Fryslân gjin plak mear foar Muzyk Maskelyn.
Hjoed de lêste radioútstjoering fan Muzyk Maskelyn, twa oeren lang oant acht oere.
Ik ha de meiwurkers en meiwurkers út it ferline fan Muzyk Maskelyn frege nei harren foarkar, hjirmei wol ik myn kollega's tank sizze foar de gearwurking. Mar ek de muzykorganisaasjes foar de goeie gearwurking, de crew fan De Lawei, de hiele HaFaBra wrâld.

Fanút de technyk komme dizze fersykjes:

Martin Wijbenga
Hinemoa - Gareth Wood spile troch brassband 'De Spikerpakkeband' fan Opsterlân ûnder lieding fan Sytze van der Hoek.
Opname makke op it Hjerstkonkoers Kristlik Bûn Muzykferienings yn Fryslân yn De Lawei fan Drachten op 11 novimber 2000 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en de technisi Aise van Beets en Martin Wijbenga.

Joop Scholten
Concierto de Aranjuez ( út de film Brassed Off ) - Joaquin Rodrigo spile troch brassband Soli Deo Gloria fan Rinsumageast ûnder lieding fanGatse Hylkema mei solist Ria de Ruiter op de bugel.
Opname makke op it 12e Gouden Spiker festival yn de Grifformearde Tsjerke De Mande fan Bakkefean op 21 april 2006 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en de technisi Fred Steusel en Joop Scholten.

Fred Steusel
Rhapsody from Friesland - Henk van Lijnschooten spile troch it Frysk Jeugd Harmony Orkest ûnder lieding fan Piebe Bakker.
Opname makke yn de Mennistetsjerke fan Harns op 1 july 1995 troch muzyk regisseur Sipke Bakker en technikus Fred Steusel.
James Bond Collection - CD: Toccata / arr. Goff Richards spile troch brassband De Bazuin fan Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude.
Opname makke troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en technikus Fred Steusel yn 1997 en útbrocht troch De Haske.
West Side Story spile troch fanfare Joost Wiersma út Jistrum ûnder lieding fan Bienze IJlstra.
Opname makke op 25 en 26 oktober 1996 en ek op 25 jannewaris 1997 troch muzyk regisseur Klaas van der Woude en de technisi Fred Steusel en Aise van Beets en dat wie yn de Grifformearde Tsjerke fan Kollum.
De fanfare bestie doe 100 jier !

Dolf Tannemaat
Theme from 'Powder' - Jerry Goldsmith / arr. Rieks van de Velde spile troch brassband De Wâldsang út Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde.
Opname makke op it nijjierskonsert fan brassband De Wâldsang yn grifformeard sintrum De Flambou yn Surhústerfean op 9 jannewaris 2010 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en de technisi Dolf Tannemaat en Joop Scholten.
Innuendo - Queen / arr. Peter Meechan spile troch brassband Willebroek ûnder lieding fan Frans Violet.
Opname makke op in konsert organisearre troch muzykferiening De Eendracht út Marrum yn sporthal De Ynset yn Holwert op 7 maart 2009 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en de technisi Dolf Tannemaat en Joop Scholten.

Fanút de programmamakkers komme dizze fersykjes:

Jan Ottevanger
English Heritage - George Lloyd spile troch brassband Soli Deo Gloria út Ljouwert ûnder lieding fan Jan de Haan.
Opname makke op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn de Hanzehof yn Sutfen op 14 desimber 1991 troch de muzyk regisseurs Jan Ottevanger en Hugh den Ouden en de technisi Fred Steusel en Rob de Vries.
King's hunting jig - John Bull spile troch de Black Dyke Mills Band op in konsert yn de sporthal Lindenoord yn Wolvegea en dat wie yn 1985. Dizze ferneamde brassband spile doe ûnder lieding fan Derek Broadbent.
Total Toto - David Paich / Jeff Porcado / Steve Lukather / arr. Klaas van der Woude spile troch brassband De Bazuin út Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude op it ôfskiedskonsert fan Jan Ottevanger op 30 maart 2011 yn de grifformearde Tsjerke fan Oentsjerk mei de songs 'Africa', 'Rosanna' en 'Stop loving you'.
Opname makke op in spesjaal konsert gearstald troch Jan Ottevanger en ter gelegenheid fan syn ôfskied as programmamaker en meiwurker fan Omrop Fryslân troch muzyk regisseur Guus Tomey en de technisi Dolf Tannemaat, Aise van Beets en Joop Scholten.

Aise van Beets
Swedish Folksong - Traditional / arr. Peter Graham spile troch brassband De Wâldsang út Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde mei sangsoliste Pearl Jozefzoon.
Opname makke op it nijjierskonsert fan brassband De Wâldsang yn grifformeard sintrum De Flambou yn Surhústerfean op 12 jannewaris 2013 troch muzyk regisseur Frederik Kampstra en de technisi Aise van Beets, Joop Scholten en Wessel de Koning.
Aira Cantabile - Frank Erickson / arr. Klaas van der Woude spile troch brassband De Bazuin út Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude.
Opname makke op it Valentijnsconcert fan brassband De Bazuin út Oentsjerk yn skouboarch De Lawei yn Drachten op 14 febrewaris 2009 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en de technisi Aise van Beets en Joop Scholten.

Janny Hoekstra
Liet 299 Foar 't hillich folk, dat no de rêst al fûn - Ralph Vaughan Williams / Bernard Smilde
Liefde eenmaal uitgesproken - Sytse de vries / John Stainer.
Opnamen makke op 23 maart 2010 yn de Krústsjerke fan Burgum troch muzyk regisseur Marieke Kussendrager en technikus Aise van Beets. Wy hearre de Kantorij Surhústerfean ûnder lieding fan Gryt Dam mei oargelist Geert van der Heide.
U zij de glorie
Liet 218
Liet 219
Dizze lieten wurde songen troch de Kantorij Surhústerfean ûnder lieding fan Gryt Dam.
Blommeduet út it ballet 'Lakmé' - / Leo Delibes spile troch brassband De Wâldsang út Bûtenpost ûnder lieding fan Rieks van der Velde mei de sang solistes Charlotte en Josefien Stoppelenburg.
Opname makke op it Nijjierskonsert fan brassband De Wâldsang út Bûtenpost yn de Grifformearde Tsjerke fan Bûtenpost op 8 jannewaris 2005 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en technikus Aise van Beets.
Abide with me; fast falls the eventide - William Henry / arr. David Willcocks songen troch sjongferiening Nije Moed fan Easthim ûnder lieding fan Gryt Dam.
Opname makke yn de Herfoarme Johannes Tsjerke yn Easthim op 21 novimber 2000 troch muzyk regisseur Piebe Bakker en technikus Fred Steusel.

Fanút de muzykrezjy komt dit fersyk:

Guus Tomey
Diversions on a bass team - George Lloyd spile troch de Black Dyke Band út Queensbury ûnder lieding fan David King.
Opname makke op de Europeeske Brassband Kampioenskippen yn De Doelen yn Rotterdam op 27 april 1991.
Prologue from JFK - John Williams en bewurke foar brassband troch Klaas van der Woude spile troch brassband De Bazuin út Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude.
Opname makke op it Valentijnsconcert fan brassband De Bazuin yn skouboarch De Lawei yn Drachten op 18 febrewaris 2012 troch muzyk regisseur Jan Ottevanger en de technisi Dolf Tannemaat en Aise van Beets.

Fanút de presintaasje komt dit fersyk:

Rein Tolsma
I know that my Redeemer livith - Georg Friedrich Händel spile en songen troch in Ingels selskip ûnder lieding fan Roy Goodman mei sjongsoliste Lynne Dawson.
Opname makke op in konsert yn de Martinitsjerke fan Boalsert op 23 desimber 1989 of 1990 troch muzyk regisseur Piebe Bakker en technikus Bart Henni.

Gearstalling: Aise van Beets
Martin Wijbenga
Joop Scholten
Fred Steusel
Dolf Tannemaat
Jan Ottevanger
Janny Hoekstra
Aise van Beets
Guus Tomey
Rein Tolsma

Dankjewol foar alle gearwurking, meiwurking, stipe en belutsenens op alle muzikale fronten.

Muzyk Maskelyn fan 22 septimber 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)