Muzyk Maskelyn fan 21 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan Amsterdam Brass op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Amsterdam bestiet dit jier 50 jier en spile ûnder lieding fan dirigint Pierre Volders yn de A-groep (kampioensdivyzje ) freeds 2 wurken en sneons 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de 3e divyzje, útfierd troch fanfare 'Stêd Sleat' fan Sleat ûnder lieding fan Durk Krol.

'Amsterdam Brass' fan Amsterdam spilet ûnder lieding fan Pierre Volders:
Lament - Peter Meechan
Harmony Music - Philip Sparke
Hercab - Gianluigi Trovesi / arr. Steven Verhelst
Poem a la Carte - Manfref Schneider / arr. Anton Weeren / trombône solist: Lennart de Winter
Sacrifice from The Piano - Michael Nyman / arr. Steven Verhelst
World Tunes - Custodio Castelo and Edu Lobo / arr. Willem van Merwijk

Fanfare 'Stêd Sleat' fan Sleat spilet ûnder lieding fan Durk Krol:
De Kwelgeest - Rob Goohuis

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 21 oktober 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)