Muzyk Maskelyn fan 21 april 2013

Hjoed op 'e nij omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen twa wike lyn holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering de bêste Fryske prestaasje út de 4e divyzje en dy kaam foar rekken fan 'Muziekvereniging Op Maat' fan Berltsum ûnder lieding fan dirigint Tjipke Pasma. We hearre it ferplichte wurk fan de 4e divyzje, de opname is makke troch technikus Aise van Beets en muzykregisseur Jan Ottevanger op freed 5 april. Mei 86 punten behelle dizze fanfare it 2e plak.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan de Spikerpakkeband fan Opsterlân. Dizze Brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Erik Janssen yn de 1e divyzje 88 punten en dat wie goed foar it 6e plak.

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. De fanfare 'EE' fan Ingwierrum kaam út yn de 3e divyzje en spile trije wurken ûnder lieding fan dirigint Andries de Haan. Wy ha de opnamen!

It muzykbûn OMF hie in nije ynfolling fan de jûn betocht en hie de winners fan it solistekonkoers 'De Klank fan Fryslân' útnoege. De Fryske Jeugd Brassband ûnder lieding fan Paulus de Jong mocht de soliste op altsaksofoan Marrich Noordmans út Dronryp begeliede. Dy opname litte wy hjoed ek hearre!

Muzykferiening 'Op Maat' út Berltsum spilet ûnder lieding fan Tjipke Pasma:
Dogon - Kevin Houben

De Spikerpakkeband fan Opsterlân spilet ûnder lieding fan Erik Janssen:
Time Machine - Thomas Doss

Fanfare 'EE' fan Ingwierrum spilet ûnder lieding fan Andries de Haan:
Koraal
De Kwelgeest - Rob Goorhuis
Waar de kromme Rijn meandert - Leon Vliex

De Fryske Jeugd Brassband spilet ûnder lieding fan Paulus de Jong:
Concerto for altsaxofoon en orkest - R. Binge / arr. Karl Veen / altsaksofoansoliste Marrich Noordmans

Op it ynternet hearre wy noch brassband De Bazuin út Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude. De brassband spilet de koraalbewurking Aria Cantabile.

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 21 april 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)