Muzyk Maskelyn fan 2 septimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'De Spikerpakkeband' fan Opsterlân ûnder lieding fan dirigint Thuis Oud op it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF en dat wie yn maart dit jier. De band spilet in koraalbewurking en trije stikken.
Ek it hiele optreden fan fanfare 'Hâld Moed' fan Easthim ûnder lieding fan dirigint Sjoerd de Boer op it Frysk Fanfare Festival yn de Rinkelbom op It Hearrenfean en dat wie yn april 1988. Dizze fanfare spilet in koraal en ek trije stikken.
De Iepen Nederlânske Fanfare kampioenskipen waarden hâlden yn de Lawei fan Drachten op freed 27 en sneon 28 april fan dit jier.
Yn dizze ústjoering de bydrage fan fanfare 'De Bazuin' fan Tsjummearum út de earste divyzje ûnder lieding fan Marten Miedema en de bydrage fan fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein ûnder lieding fan Pieter Bosma út de twadde divyzje.
Foarige wike ha we it optreden hearre litten fan brassband 'Ere zij God' fan Damwâld op it Gouden Spiker Festival út de fjirde divyze. It Gouden Spiker Festival waard hâlden op freed 20 april en sneon 21 april yn multyfunksjoneelsintrum 'De Wier' yn Oerterp.
It lêste stik koene wy ferline wike net hielendal hearre litte, hjoed wol! De band stiet ûnder lieding fan Gerben Huizinga.
Wy freegje ek jo help! Op http://www.koperkanaal.nl draait in grut part fan it HaFaBra argyf fan de Omrop. By it digitalisearjen binne we de ynfo fan in stik kwyt rekke. Witte jo de titel en miskien it útfierende orkest? Dan wolle wy dat graach witte, jo meie de Omrop efkes skilje mar mei de kompjuter kin it ek: aise.vanbeets@omropfryslan.nl

Brassband 'De Spikerpakkeband' fan Opsterlân spilet ûnder lieding fan Thijs Oud:
Prelude on Tallis - Peter Graham
Alhambra - Jan de Haan
Equilibrium - Paul Lovatt-Cooper
How to train your dragon - arr. Titus & Klaas van der Woude

Fanfare 'Hâld Moed' fan Easthim spilet ûnder lieding fan Sjoerd de Boer:
Gouden harpen ruisen
Grand Processional - Haddad
Episode for Band - Kinyon
Northwest Suite - O'Reilly

Fanfare 'De Bazuin' fan Tsjummearum spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
Spectrum of the Sky - Jan de Haan

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Pieter Bosma:
Hellehonden - Jan Bosveld

Brassband 'Ere zij God' fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Gerben Huizinga:
Band of Parade - Vic Lingo

Yn de útstjoering litte wy op dit plak in orkest hearre wêr wy gjin ynfo fan ha, ek net fan it stik wat spile wurdt. Ha jo de ynfo, lit it ús dan witte:
aise.vanbeets@chello.nl / 0582997799

Brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Jan de Haan:
English Heritage - George Lloyd

Gearstalling: Aise van Beets

Muzyk Maskelyn fan 2 septimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)