Muzyk Maskelyn fan 2 juny 2013

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk maskelyn it galakonsert fan fanfare Joost Wiersma út Jistrum ûnder lieding fan Ido Gerard Kempenaar mei solist Stijn Berbé op althoarn. Dit konsert ha wy opnommen op sneon 25 maaie, it wie de ôfsluting fan de fanfare dei fan it Gouden Spiker Festival.
De kommende wiken sille wy de opnamen fan it Gouden Spiker Festival hearre litte yn Muzyk Maskelyn. It wie de 18e edysje fan it festival en waard holden yn multyfunksjoneel sintrum De Wier yn Oerterp.

Op freed 5 en sneon 6 april ferline jier hawwe wy opnamen makke fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen yn de Lawei fan Drachten. Fan dy kampioenskippen ha we yn Muzyk Maskelyn al hiel wat dielnimmende fanfares hearre kind, hjoed in bydrage fan in Fryske fanfare út de 4e divyzje.
CMV Oranje komt fan Spannum en spilet ûnder lieding fan Christina van der Bijl. De fanfare behelle mei 84 punten it fjirde plak, de opname fan it ferplichte wurk is hjoed te hearren yn Muzyk Maskelyn.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy't holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan brassband Wâldbrass fan Kollum. Dizze brassband behelle ûnder lieding fan dirigint John Blanken yn de 2e divyzje 86 punten en dat wie goed foar it 7e plak.

Fanfare 'Joost Wiersma' spilet ûnder lieding fan Ido-Gerard Kempenaar:
The Red Shield - Henry C. Goffin / arr. Wilbert Arendonk
Capriccio Brillante “Carneval of Naples” - Herman Bellstedt / arr. Sandy Smith / solist: Stijn Berbé
Go the distance ( út de Walt Disney film Hercules ) - Alan Menken / solist: Stijn Berbé
7/8 - The Kyteman Orchestra ( Collin Blender ) / arr. Marco Schouten
Medley Michael Jackson - Michael Jackson / arr. Leon Zwijgers
El Cumbanchero - Rafael Hernandez / arr. Naohiro Iwai & Klaas van der Woude
Frysk Folksliet

Fanfare CMV Oranje fan Spannum spilet ûnder lieding fan Christina van der Bijl:
Dogon - Kevin Houben

Brassband 'Wâldbrass' fan Kollum spilet ûnder lieding fan John Blanken:
Cross Patonce - Goff Richards

Op ynternet beslute wy it programma mei it stik 'Flashback' fan Jan de Haan, spile troch Wâldbrass út Kollum. Jan de Haan hat dit stik skreaun as herinnering oan Piebe Bakker, dy't hjoed 84 jier lyn berne waard yn Koudum.

Muzyk rezjy: Guus Tomey
Technyk: Dolf Tannemaat & Aise van Beets
Ass. technyk: Joop Scholten en Wessel de Koning

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 2 juny 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)