Muzyk Maskelyn fan 19 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan fanfare 'Concordia' fan Drylts oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De fanfare stiet ûnder lieding fan Jan Hibma en spilet trije wurken.
Op freed 27 en sneon 28 april dit jier waarden foar de twadde kear de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hâlden yn De Lawei fan Drachten. Hjoed litte wy de opname hearre fan fanfare 'Harmonie' út Bitgum. Dit orkest kaam út yn de 5e divyzje en stiet ûnder lieding fan Syde van der Ploeg.
Ek opnamen út it argyf fan it 27ste Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnamen makke fan dit festival. Hjoed opnamen fan brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert ûnder lieding fan Jan de Haan.

Fanfare 'Concordia' fan Drylts spilet ûnder lieding fan Jan Hibma:
Consolation - Jan de Haan
't Ministerie van Fanfare - Jacob de Haan
Kraftwerk - Jacob de Haan

Fanfare 'Harmonie' fan Bitgum spilet ûnder lieding fan Syde van der Ploeg:
Flashes for Band - Jan Segers

Brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Jan de Haan:
English Heritage - George Lloyd
Galop - Johann Strauss / arr. James Curnow

Muzyk Maskelyn fan 19 augustus 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)