Muzyk Maskelyn fan 18 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden
  • Fanfare 'Wilhemina' fan Easterein

Op moandei 5 novimber binne Frederik Kampstra, Wessel de Koning en Aise van Beets mei de reportaazjewein útrukt nei Easterein. Fanfare 'Wilhelmina' wie earder dit jier op de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen nominearre foar in opname by Omrop Fryslân radio. Hjoed it earste part fan de opnamen yn Muzyk Maskelyn, nije wike it twadde part.

Brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert stie yn 1988 ûnder lieding fan Jan de Haan en yn dizze útstjoering fan Muzyk Maskelyn litte wy opnamen hearre fan it Nasjonaal Brassband Festival (NBBF) en dat waard hâlden yn de Jaarbeurs Congresseal yn Utert.

Op sneon 10 novimber wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân', dizze organisaasje hie in nije ynfolling fan de jûn betocht en hiene de winners fan it solistenkonkoers 'De Klank fan Fryslân' útnoege. It saksofoankwartet 'Quatre Forte' spile trije wurken en wy ha de opnamen! It kwartet komt út de regio Noardwest-Fryslân en bestiet út de folgende leden:
Reina Hibma bespilet de sopraansaksofoan
Joke Kolthof bespilet de altsaksofoan
Erik Hoek bespilet de tenorsaksofoan
Gerjanne Zijlstra bespilet de baritonsaksofoan.

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Pieter Bosma:

There's is a land of pure delight - English traditional, arr. Menno Haantjes
Concert Prelude - Philip Sparke, arr. Jurjen Hempel
Oblivion - Astor Piazzolla, arr Steven Verhaert
Mars der Medici - Johan Wichers

Brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Jan de Haan:

Disco-dunction - Jan de Haan
Ragtime and Habaneras - Hans Werner Henze
When I walk alone - Jan Hadermann / trombônesolist: Gerben Brunia
Chester - William Schumann / arr. Jan de Haan

It saksofoankwartet 'Quatre Forte' spilet:

Here to There - Michael Nyman
Adagio opus 11 - Samuel barber / arr. Johan van der Linde
Irisch Suite - arr. Elliot Del Borgo

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 18 novimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)