Muzyk Maskelyn fan 18 augustus 2013

Hjoed fan seis oere ôf yn de útstjoering fanfareklanken fan 'Wilhemina' Easterein en fan 'De Bazuin' Stynsgea en brassbandklanken fan 'Excelsior' Feanwâldsterwâl.

Kerkrade stie yn de moanne july yn it teken fan it Wrâld Muzyk Konkoers. Tal fan Fryske orkesten wiene te gast yn de Rodahal en it Parkstad Limburg Teater, sa ek fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein. De fanfare spile ûnder lieding fan Pieter Bosma en kaam út yn de twadde divyzje. It orkest behelle mei it gehiele optredenmar leafst 94,25 punten en dat wie goed foar it twadde plak en de opnamen litte wy hjoed hearre. De opnamen binne makke op snein 14 july yn it Parkstad Limburg Teater yn Kerkrade. De twadde divyzje fanfares waard net allinnich ferspile op snein 14 july mar ek op sneon 27 july en doe dy bliken dat it orkest út Easterein it twadde plak helle hie op it WMC. Fanfare 'De Leiezonen' út Beveren-Leie en dat lei yn België behelle mei 96,04 punten it earste plak.

En dan it konsertkonkoers fan maart 2013 organisearre troch it muzykbûn OMF yn de Lawei fan Drachten. Yn de fjirde divyzje kaam fanfare 'De Bazuin' út Stynsgea ûnder lieding fan Jaap Musschenga as fjirde orkest op it poadium. It orkest spile in koraal en twa wurken en ek dat programma litte wy hjoed yn syn gehiel hearre.

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Pieter Bosma:
Lady Stewart's Air - Peter Graham / arr. Luuk Vertommen ( ynspyl wurk )
Fleodrodum - Eric Swiggers ( ferplicht wurk )
Avalon - Jan Van der Roost ( keuze wurk )

Fanfare 'De Bazuin' fan Stynsgea spilet ûnder lieding fan Jaap Musschenga:
Liet 280 - Jitze Nicolai
Domus - Jan Van der Roost
Atropos - Kevin Houben

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 18 augustus 2013

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)