Muzyk Maskelyn fan 17 maart 2013

  • Spiler wurdt laden

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Brassband 'UDI' fan Easternijtsjerk kaam út yn de 4e divyzje en spile 3 wurken ûnder lieding fan Gijs Heusinkveld. Wy ha de opnamen!

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'De Nije Bazún' fan Britsum op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De 'Nije Bazún' út Britsum spile ûnder lieding fan dirigint Piet van der Heide yn de C-groep 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy de opnamen hearre.

Technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe bakker ha yn it ferline in protte op lokaasje west om opnamen te meitsjen. sa ek ek op 7 maart 1991. Beide mannen ha doe mei de reportaazjewein opnamen makke fan fanfare 'Nij Libben' út Wytmarsum. De fanfare stie doe ûnder lieding fan Marten Miedema en hjoed litte wy opnamen hearre fan doe, makke op it Bogermankolleezje yn Snits.

Brassband 'UDI' fan Easternijtsjerk spilet ûnder lieding fan Gijs Heusinkveld:
How sweet the name - Ronald Tremain
Diogenes - Jacob de Haan
Episodes for Brass - Gareth Churcher

Brassband 'De Nije 'Bazún'' fan Britsum spilet ûnder lieding fan Piet van der Heide:
Breezin' Down Broadway - arr. Goff Richards
The Turtle Dove - arr. Etienne Crausaz
Basso Brazilio - Roy Newsome / solist op esbas: Henk Waldus
Lake of the Moon - Kevin Houben

Fanfare 'Nij Libben' fan Wytmarsum spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
New Life Twenty Five - Marten Miedema
Choral Impromptu - Sierd de Boer / arr. Dirk Annema
Op ynternet spilet de fanfare út Wytmarsum ek noch:
Egyptischer Marsch - Joh. Strauss / W. Kalischnig

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 17 maart 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)