Muzyk Maskelyn fan 17 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Hjoed omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen fan 1989 yn de Hanzehof fan Sutfen mei opnamen fan brassband Soli Deo Gloria fan Ljouwert en brassband De Bazuin fan Oentsjerk. Beide bands kamen út yn de earste divyzje.

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Fanfare 'De Woudklank' fan Noardwâlde kaam út yn de 4e divyzje en spile 3 wurken ûnder lieding fan Ellis Nijdam. Wy ha de opnamen!

Justerjûn ha wy wer opnamen makke foar Muzyk Maskelyn en http://www.koperkanaal.nl fan it jierlikse Falentijnskonsert fan brassband 'De Bazuin' út Oentsjerk ûnder lieding fan Klaas van der Woude. Nije wike it earste part fan de opnamen, de wike derop it twadde part mar hjoed alfêst in foarpriuwke fan it konsert hâlden yn De Lawei fan Drachten.

Brassband 'Soli De Gloria' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Jan de Haan:
Excalibur - Jan van der Roost

Brassband 'De Bazuin' fan Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Klaas van der Woude:
Blitz - Derek Bourgeois

Fanfare 'De Woudklank' fan Noardwâlde spilet ûnder lieding fan Ellis Nijdam:
Hine e Hine - Luuk Vertommen
't Ministerie van Fanfare - Jacob de Haan
Land of Legends - Andreas Ludwig Schulte

Brassband 'De Bazuin' fan Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Klaas van der Woude:
Back in Town - Michael Bublé / arr. Klaas van der Woude

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 17 febrewaris 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)