Muzyk Maskelyn fan 16 juny 2013

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan "Brassband Schoonhoven' op it Euro Brass Drachten festival 2013. De 12e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 7 juny en sneon 8 juny 2013 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Schoonhoven spile ûnder lieding fan dirigint Erik Janssen yn de A-groep (kampioensdivyzje ) freeds 2 wurken en sneons 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre. De band behelle mei it optreden foar de tredde kear op rige it heechst oantal punten.

Brassband 'Heman' fan Súdwolde kaam út yn de B groep en behelle ûnder lieding fan Anne van den Berg dêr it heechst oantal punten.
De band spile op sneon 8 juny 3 wurken en ek dêr kinne wy yn dizze útstjoering wat fan hearre litte.

'Brassband Schoonhoven' spilet ûnder lieding fan Erik Janssen:
Lock Horns / Rage On - Simon Dobson
My Forest - Stig Nordhagen
Prelude on 'Tallis' - Peter Graham
The City in the Sea - Nigel Clarke / solist op eufonium: Robbert Vos
A Little Prayer - Evelyn Glennie / arr. Robert Childs
Turnis Fortissima - Steven Ponsford

Brassband 'Heman' út Súdwolde spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
The Cossack - William Rimmer
Smoke gets in your eyes - Jerome Kern / arr. Klaas van der Woude
Chivalry - Martin Ellerby

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl
http://petities.nl/petitie/muzyk-maskelyn-moet-blijven

Muzyk Maskelyn fan 16 juny 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)