Muzyk Maskelyn fan 16 desimber 2012

  • Spiler wurdt laden

Op freed 30 novimber en sneon 1 desimber wie de 32ste edysje fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn de Martiniplaza fan Grins. 37 Brassbands spilen ferdield oer 5 divyzjes om de heechste ear. Jûn in prima Fryske prestaasje út de fjirde divyzje. De winner ha wy al hearre kind, dat wie brasssband 'Halleluja' fan Menaam. Mei 90 punten op it ferplichte wurk wie it earste plak foar dizze brassband. Mei ien punt punt minder wie it twadde plak foar brassband 'Euphonia' fan Ternaard, hjoed litte wy dy útfiering hearre. De band stiet ûnder lieding fan dirigint Gatse Hylkema.

Hjoed yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Hosannah' fan Ljouwert ûnder lieding fan Ria Fennema op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op sneon 21 april fan dit jier.

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'De Lofklank' fan Oerterp op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
Brassband 'De Lofklank' út Oerterp spile ûnder lieding fan dirigint Jaap Musschenga yn de B-groep 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

Brassband 'Euphonia' fan Ternaard spilet ûnder lieding fan Gatse Hylkema:
Parnassus - Jan Van der Roost

Brassband 'Hosannah' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Ria Fennema:
Kirkby Lonsdale - Goff Richards
Crimond - arr. Herman Oldenstijl
Trombola - Frank Brice mei trombônesolisten André Vellema, Oeds Visser, Aukje van der Tuin en Alexander van Eijck
Darkness Visible - Richard Grantham

Brassband 'De Lofklank' fan Oerterp spilet ûnder lieding fan Jaap Musschenga:
Exaltation - Andrew R. Mackereth
David of the White Rock - Welsh tradition melody / arr. Philip Sparke
Moment of Silence - arr. Torstein Aagaard-Nilsen / solist op eufonium: Jan Wind
Elegy I - Jacob de Haan

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 16 desimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)