Muzyk Maskelyn fan 15 july 2012

  • Spiler wurdt laden

Op 3 maart organisearre it muzykbûn OMF op 'e nij it konsertkonkoers yn de Drachtster Lawei. Hjoed litte wy yn Muzyk Maskelyn de opnamen hearre dy 't wy makke hawwe fan brassband "Hosannah" fan Ljouwert. Dy kristlike brassband komt út yn de tredde divyzje en spilet ûnder lieding fan Ria Fennema in koraal en twa wurken.

Ek in Fryske fanfare yn de útstjoering hjoed. Fan de lêsthâlden Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hjoed de opnamen fan fanfare "Crescendo" út Heech. Dat orkest kaam út yn de tredde divyzje en spilet ûnder lieding fan Meide Verbeek it ferplichte wurk yn dy divyzje.

Op 2 en 3 desimber ferline jier waarden de Nederlânske Brassband Kampioenskippen hâlden yn Martini Plaza yn Grins. Op dy 31 edysje fan de kampioenskippen diene 42 brassbands mei, ferdield oer 5 divyzjes. Brassband "Apollo" fan Grou stiet ûnder lieding fan Piet Visser en kaam út yn de tredde divyzje. Hjoed de opname dy 't wy makke ha fan harren optreden, wy hearre it ferplichte wurk.

Oan de ein fan de útstjoering geane wy werom nei 1992. Doe waard foar de 27ste kear it Brassband Festival hâlden yn de Parktsjerke fan Ljouwert. Technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker hawwe doe opnamen makke en yn dizze útstjoering mei brassband "Ere zij God" fan Damwâld in koraalbewurling spylje. De opnamen binne makke op 1 febrewaris 1992 en dy brassband spile doe trije wurken. Nije wike de rest fan harren optreden fan eartiids.

Brassband "Hosannah" fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Ria Fennema:
Psalm 119
Darkness Visible - Richard Grantham
Dimensions - Peter Graham

Fanfare "Crescendo" fan Heech spilet ûnder lieding fan Meine Verbeek:
De Kwelgeest - Rob Goorhuis

Brassband "Apollo" fan Grou spilet ûnder lieding fan Piet Visser:
Sinfonietta no.1 - Johan de Meij

Brassband "Ere zij God" fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Douwe Veenstra:
The Light of the world - Dean Goffin

Muzyk Maskelyn fan 15 july 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)