Muzyk Maskelyn fan 14 oktober 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn om 18.00 oere op Omrop Fryslân radio it optreden fan brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De brassband út Bûtenpost spile ûnder lieding fan dirigint Rieks van der Velde yn de A-groep (kampioensdivyzje ) freeds 2 wurken en sneons 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de 5e divyzje, útfierd troch fanfare 'Excelsior' fan Burchwert ûnder lieding fan Erik van der Veen.

Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde:
Lament - Peter Meechan
Red Priest - Philip Wilby
Into the Light - Philip Wilby
Sunrise over Blue Ridge - Dan Price
Capriccio - Rodney Newton / solist op es-bas Tija van der Veen
Legends of Cyfarthfa - Matthew Hall

Fanfare 'Exelsior' fan Burchwert spilet ûnder lieding fan Erik van der Veen:
Flashes for Band - Jan Segers

De europeeske kampioen brassband 'Black Dyke Mills Band' út Queensbury spilet ûnder lieding fan David Hirst:
Midwest March - Joseph John Richards / arr. Derek Broadbent

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 14 oktober 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)