Muzyk Maskelyn fan 14 july 2013

Hjoed omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan 'Van de Kreeke Brassband Limburg' út Geleen. Dizze brassband helle ûnder lieding fan dirigint Renato Meli yn de kampioensdivyzje 919 punten en dat wie goed foar it 3e plak.

Op sneon 2 maart fan dit jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer fjouwer divyzjes hawwe 14 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Brassband 'Soli Deo Gloria' fan De Tike kaam út yn de fjirde divyzje en spile twa wurken en in koraal ûnder lieding fan Guus Tomey. Wy ha de opnamen en litte se hjoed hearre!

Ek opnamen út it argyf fan kopergroep 'Times' makke op 20 april 1988 yn de studio fan Omrop Fryslân oan de Grienewei yn Ljouwert. De Kopergroep bestie doe út Gert Jan Loot en Piet Bergsma op trompet, Nynke Klijn Hesselink op hoarn, Sjoek Nutma op trombône en Johannes Reijenga op bas. Wy litte hjoed in pat fan de opnamen hearre dy't makke binne troch technikus Fred Steusel en muzykregisseur Jan Holtrop.

Hjoed ek omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen begin april holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering de prestaasje fan 'Algemene MV Crescendo' út Nieuwveen ûnder lieding fan dirigint Joop Nijholt. We hearre it ferplichte wurk fan de 1e divyzje, de opname is makke troch de technisy Aise van Beets en Joop Scholten en muzykregisseur Jan Ottevanger op sneon 6 april. Mei 87 punten behelle dizze fanfare it 3e plak.

Brassband 'Van de Kreeke Brassband Limburg' út Geleen spilet ûnder lieding fan Renato Meli:
Electra - Martin Ellerby

Brassband 'Soli Deo Gloria' út De Tike spilet ûnder lieding fan Guus Tomey:
Crimond - Seymour
Night before battle - Dean Jones
Arkansas - Jacob de Haan

Kopergroep 'Times' spilet:
Chanson de Matin - Edward Elgar / arr. Robert Harvey
Gypsy Rondo - J. Haydn / arr. A. Franckenpohl

Fanfare 'Algemene MV Crescendo' út Nieuwveen spilet ûnder lieding fan Joop Nijholt:
Heaven on Earth - Maurice Hamers

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 14 juli 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)