Muzyk Maskelyn fan 14 april 2013

Hjoed op 'e nij omtinken foar de tredde edysje fan de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen ferline wike holden yn de Drachtster Lawei. Alle fiif kampioenen hawwe wy yn de útstjoering fan snein 7 april al hearre kind. Yn dizze útstjoering de bêste Fryske prestaasje út de 1e divyzje en dy kaam foar rekken fan de Jouster Fanfare ûnder lieding fan dirigint Siemen Hoekstra. We hearre it ferplichte wurk fan de 1e divyzje, de opname is makke troch de technisy Aise van Beets en Joop Scholten en muzykregisseur Jan Ottevanger op sneon 6 april. Mei 84 punten behelle dizze fanfare it 4e plak.

Fierders omtinken foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen dy holden waarden yn desimber ferline jier yn de Martini Plaza fan Grins. Ek dêr fan hawwe wy de opnamen fan alle kampioenen fan alle divyzjes al hearre kind, hjoed de prestaasje fan Soli Brass út Ljouwert. Dizze Brassband behelle ûnder lieding fan dirigint Anne van den Berg yn de kampioensdivyzje 89 punten en dat wie goed foar it 5e plak.

De 11de edysje fan it Euro Brass Drachten Festival waard ek holden yn de Lawei fan Drachten ferline jier mar dat wie al yn juny.
In soad opnamen hawwe wy al hearre kind de ôfrûne tiid yn Muzyk Maskelyn, hjoed de opnamen fan brassband Euphonia út Ternaard. Dizze brassband spile yn de C groep 5 wurken en stiet ûnder lieding fan dirigint Gatse Hylkema.

De Jouster Fanfare út Joure spilet ûnder lieding fan Siemen Hoekstra:
Heaven on Earth - Maurice Hamers

Soli Brass út Ljouwert spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
Electra - Martin Ellerby

Brassband Euphonia út Ternaard spilet ûnder lieding fan Gatse Hylkema:
La Mourisque - Tylman Susato / arr. John Iveson
Celtic Fire - Darrol Barry
The Turtle Dove - arr. Etienne Crausaz
An Untold Story - Paul Lovatt-Cooper / solist op althoorn Wiebrig Reitsma
Ancient Monument - Bertrand Moren

Gearstalling: Aise van Beets
Tekst: Janny Dijkstra
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 14 april 2013

Diel dit berjocht op:
Muzyk Maskelyn

Muzyk Maskelyn

Snein 22 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Muzyk Maskelyn. Jo kinne allinnich noch hafabramuzyk beharkje op it koperkanaal fm. Sneintemoarn fan 06.00 oant 08.00 oere. http://www.omropfryslan.nl/programma/koperkanaal-fm
(advertinsje)