Muzyk Maskelyn fan 13 jannewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Pro Rege' fan It Hearrenfean op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
Brassband 'Pro Rege' fan It Hearrenfean spile ûnder lieding fan dirigint Siemen Hoekstra yn de B-groep fjouwer wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy dit optreden hearre.

Argyfopnamen út 1989 fan De Jouster fanfare binne der ek. Op 10 novimber 1989 hawwe Bert Hooyer en Piebe Bakker foar Omrop Fryslân radio opnamen makke fan it radiokonsert en dat wie yn De Oerdracht op De Jouwer. It orkest spilet ûnder lieding fan dirigint Benny van der Wal fjouwer wurken.

Fan de Nederlânske Brassband kampioenskippen 2012 yn dizze útstjoering de opname fan 'Soli Brass' fan Ljouwert. De band út de kampioensdivyzje spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg.

Op sneon 12 jannewaris makket de Omrop op 'e nij opnamen fan it Nijjierskonsert fan brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost. Op snein 20 en 27 jannewaris litte wy it konsert hearre, no alfêst in foarpriuwke. Dizze brassband spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde.

Brassband 'Pro Rege' fan It Hearrenfean spilet ûnder lieding fan Siemen Hoekstra:
David of the White Rock - Welsh traditional melody/arr. Philip Sparke
Sparta - Peter Meechan/solist op eufoanium Gosse Jan Visser
Lenzburg - Derek Broadbent

De Jouster Fanfare spilet ûnder lieding fan Benny van der Wal:
Ceremonial March - Jan Van der Roost
Oregon ( 1988 ) - Jacob de Haan
The Boy from Menaem - arr. Gordon Langford
Koraal en voorspel 'Lobe den Herren' - arr. Meindert Boekel

'Soli Brass' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Anne van den Berg:
Electra - Martin Ellerby

Brassband 'De Wâldsang' fan Bûtenpost spilet ûnder lieding fan Rieks van der Velde:
Festival March - Celebration - Leslie Condon

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 13 jannewaris 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)