Muzyk Maskelyn fan 12 augustus 2012

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Muzyk Maskelyn de bydrage fan harmony 'Concordia' fan Balk oan it konsertkonkoers organisearre troch muzykbûn OMF fan maart dit jier. De harmony stiet ûnder lieding fan Thijs Oud en spilet trije wurken.
Op freed 27 en sneon 28 april dit jier waarden foar de twadde kear de Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen hâlden yn De Lawei fan Drachten. Hjoed litte wy de opname hearre fan fanfare 'De Lofstem' út Sumar. It orkest kaam út yn de fjirde divyzje en stiet ûnder lieding fan diriginte Christina van der Bijl.
Ek opnamen út it argyf fan it 27ste Parktsjerke Brassband Festival. Op 1 febrewaris 1992 hawwe technikus Fred Steusel en muzykregisseur Piebe Bakker opnamen makke fan dit festival. Hjoed opnamen fan brassband 'Euphonia' fan Wolvegea ûnder lieding fan Durk Annema en brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert ûnder lieding fan Jan de Haan.

Streekharmony 'Concordia' fan Balk spilet ûnder lieding fan Thijs Oud:
There is a land of oure delight - arr. Menno Haantjes
Legend of a mountain - Jacob de Haan
Symphonic Metamorphosis - Philip Sparke

Fanfare 'De Lofstem' fan Sumar spilet ûnder lieding fan Christina van der Bijl:
Voyage to Victory - John Blanken

Brassband 'Euphonia' fan Wolvegea spilet ûnder lieding fan Durk Annema:
The Light of the world - J. Dean Goffin

Brassband 'Soli Deo Gloria' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Jan de Haan:
Cantebury Choral - Jan van der Roost
Euphonium Fantasy - Stephen Bulla / solist: Simon Postma

Gearstalling: Aise van Beets

Alle opnamen draaie mei op ús ynternetstjoerder http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 12 augustus 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)