Muzyk Maskelyn fan 11 novimber 2012

  • Spiler wurdt laden
  • Fanfare 'Wilhemina' fan Easterein

Hjoed begint Muzyk Maskelyn wat letter troch de fuotbalwedstriid PSV tsjin SC Hearrenfean.

Yn Muzyk Maskelyn, fan likernôch 18.20 oere ôf op Omrop Fryslân radio, it optreden fan 'Greidebrass' út it eardere Wûnseradiel ûnder lieding fan Dirk Vincken op de 17e edysje fan it Gouden Spiker Festival. It festival waard hâlden yn multyfunksjoneel sintrum 'De Wier' yn Oerterp. De brassband spile op sneon 21 april fan dit jier.

De Iepen Nederlânske Fanfare Kampioenskippen waarden dit jier hâlden op freed 27 en sneon 28 april yn de Lawei fan Drachten.
Yn dizze útstjoering litte wy it ferplichte wurk hearre út de tredde divyzje, útfierd troch fanfare 'Beatrix' fan Doezum ûnder lieding fan de Fryske dirigint Ido Gerard Kempenaar.
Ek it ferplichte wurk út de earste divyzje litte wy hearre, op 'e nij in orkest fan bûten de provinsje mar mei in Fryske dirigint. We litte de opname hearre dy wy makke ha fan fanfare 'Concordia' fan Oldebroek ûnder lieding fan Marten van der Wal.

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'De Bazuin B' fan Oentsjerk op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
It B orkest fan 'De Bazuin' út Oentsjerk spile ûnder lieding fan dirigint Bienze IJlstra yn de B-groep 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy it hiele optreden hearre.

Op moandei 5 novimber hawwe wy opnamen makke fan fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein ûnder lieding fan Pieter Bosma yn it ferieningsgebou 'De Skoalleseize'. Snein 18 novimber litte wy it earste part fan de opnamen hearre, hjoed alfêst in foarpriuwke. Ek in opname út it argyf fan dizze fanfare makke op 30 maart 1992 yn de Herfoarmde Tsjerke fan Easterein. It orkest stie doe ûnder lieding fan Tseard Verbeek.

Brassband 'Greidebrass' út it eardere Wûnseradiel spilet ûnder lieding fan Dirk Vincken:
Be still for the presence of the Lord - arr. Andrew Blyth
Darkness Visible - Richard Grantham
Czardas - arr. Gert Bloemhof / solist op ksylofoan: Wiebren Joustra
Death of Glory - Robert Browne Hall

Fanfare 'Beatrix' út Doezum spilet ûnder lieding fan Ido Gerard Kempenaar:
De Kwelgeest - Rob Goorhuis

Fanfare 'Concordia' út Oldebroek spilet ûnder lieding fan Marten van der Wal:
Spectrum of the Sky - Jan de Haan

Brassband 'De Bazuin B' út Oentsjerk spilet ûnder lieding fan Bienze IJlstra:
Grand March from Scipio - Philip Wilby
Slavische Fantasie - Carl Höhne / arr. Peter Graham / solist op bariton: Bart van der Wielen
David of the White Rock - Welsh traditional melody / arr. Philip Sparke
Kingdom of Dragons - Philip Harper

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Pieter Bosma:
There is a land of pure delight - English traditional / arr. Menno Haantjes

Fanfare 'Wilhelmina' fan Easterein spilet ûnder lieding fan Tseard Verbeek:
Concerto IV - Georg Friedrich Händel / oargel: Balt de Vries
De dielen binne:
Allegro, Andante en Allegro

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl
http://www.hafabradio.nl

Muzyk Maskelyn fan 11 novimber 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)