Muzyk Maskelyn fan 11 augustus 2013

  • Spiler wurdt laden

Hjoed fan seis oere ôf yn de útstjoering fanfareklanken fan "Studio" It Heidenskip, brassbandklanken fan "Ere zij God" Damwâld en egerländerklanken fan "De Friesche Muzikanten' út de omkriten fan Holwert.

Kerkrade stie yn de moanne july yn it teken fan it Wrâld Muzyk Konkoers. Tal fan Fryske orkesten wiene te gast yn de Rodahal en it Parkstad Limburg Teater, sa ek fanfare 'Studio' fan It Heidenskip. De fanfare spile ûnder lieding fan Marten Miedema en kaam út yn de tredde divyzje. It orkest behelle mei it gehiele optreden it tredde plak en de opnamen litte wy hjoed hearre. De opnamen binne makke op sneon 13 july yn it Parkstad Limburg Teater yn Kerkrade.

En dan it konsertkonkoers fan maart 2013 organisearre troch it muzykbûn OMF yn de Lawei fan Drachten. Yn de fjirde divyzje kaam brassband 'Ere zij God' út Damwâld ûnder lieding fan Gerben Huizinga as tredde orkest op it poadium. De band spile in koraal en twa wurken en ek dat programma litte wy hjoed yn syn gehiel hearre.

Op 18 jannewaris 1993 hawwe Piebe Bakker en Fred Steusel opnamen makke fan de egerländer kapel 'De Friesche Muzikanten' ûnder lieding fan dirigint Piet Runia. Dat wie doe yn 't Sintrum yn Holwert en fan dy argyfopnamen litte wy ek hjoed wat hearre.

Fanfare 'Studio' fan It Heidenskip spilet ûnder lieding fan Marten Miedema:
Fanforce - Feike van Tuinen ( ynspyl wurk )
Five states of change - Philip Sparke ( ferplicht wurk )
Scadawerth - Jan Bosveld ( keuze wurk )

Brassband Ere zij God' fan Damwâld spilet ûnder lieding fan Gerben Huizinga:
Lord thou art questioning - Trevor Davis
La Viuda Negra - Carl Wittrock
Patterns - Edward Gregson

Egerländer kapel 'De Friesche Muzikanten' spilet ûnder lieding fan Piet Runia:
Rosenwalzer - Vaclav Trojan / arr. Franz Bummerl
Bubenstreiche - Josef Hotovy / arr. Franz Bummerl
Libisska Polka - Jaroslav Marek

Gearstalling: Aise van Beets
http://www.koperkanaal.nl
https://twitter.com/AisevanBeets

Muzyk Maskelyn fan 11 augustus 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)