Muzyk Maskelyn fan 10 febrewaris 2013

  • Spiler wurdt laden

Yn Muzyk Maskelyn sjogge wy werom nei de edysje fan de Nederlânske Brassband Kampioenskippen fan 1989, doe hâlden yn de Hanzehof fan Sutfen.
Technikus Bert Hooyer en muzykregisseur Jan Ottevanger hawwe doe opnamen makke en út de tredde divyzje hjoed de bydrage fan brassband 'Hosannah B' fan Ljouwert. De band stie doe ûnder lieding fan dirigint Folkert Fennema en spilet twa wurken. Eartiids spilen de bands noch in ferplicht wurk en in frij wurk.

Hjoed ek yn Muzyk Maskelyn it optreden fan brassband 'Spikerpakkeband' fan Opsterlân op it Euro Brass Drachten festival 2012. De 11e edysje fan dit ynternasjonale festival waard hâlden op freed 8 juny en sneon 9 juny 2012 yn skouboarch De Lawei fan Drachten.
De 'Spikerpakkeband' út Opsterlân spile ûnder lieding fan dirigint Jappie Kuipers yn de B-groep 4 wurken en yn Muzyk Maskelyn litte wy de opnamen hearre.

Op sneon 10 novimber ferline jier wiene wy te gast yn De Lawei yn Drachten by it konsertkonkoers organisearre troch it muzykbûn OMF.
OMF stiet foar 'Organisatie van muziekverenigingen in Fryslân'. Ferdield oer 6 divyzjes hawwe 15 orkesten harren prestaasje oan de sjuery en publyk hearre litten. Harmony 'Crescendo' fan Ommen kaam út yn de 5e divyzje en spile 3 wurken ûnder lieding fan Maarten van der Kolk. Wy ha de opnamen!

Brassband 'Hosannah B' fan Ljouwert spilet ûnder lieding fan Folkert Fennema:
A Saddleworth Festival Overture - Goff Richards
Gwent Rhapsody - Jon Hall

Brassband 'De Spikerpakkeband' fan Opsterlân spilet ûnder lieding fan Jappie Kuipers:
How to train your dragon - arr. Titus en Klaas van der Woude
David of the White Rock - Welsh traditional melody / arr. Philip Sparke
'Neath the Dublin Skies - Paul Lovatt-Cooper
Toccata e Fantasia - Thomas Doss

Harmony 'Crescendo' fan Ommen spilet ûnder lieding fan Maarten van der Kolk:
Adventures of the Beaume - Harrie Janssen
Columbus - Rob Goorhuis
Accretio - Eric Swiggers

Gearstalling: Aise van Beets
https://twitter.com/AisevanBeets
http://www.koperkanaal.nl

Muzyk Maskelyn fan 10 febrewaris 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)