MUSE fan 30 augustus 2013

  • finalisten MUSE krije finaleopdracht

Trije finalisten, Petra Weijsenfeld, Sjoerd Jan Edelenbos en Yvette de Koning, sitte der klear foar. No komt it der echt op oan. Sy sille de opdracht krije foar it belangrykste keunstwurk dat sy ea makke hawwe. Mei dat finalewurk moat it barre. De winner fan MUSE mei har/him 'de bêste amateurkeunstner fan Fryslân' neame en fertsjinnet in eksposysje yn it Fries Museum. Mar de tiid om dat ultime wurk te meitsjen is beheind. De finale fan MUSE komt ommers stadichoan yn it sicht!

Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)