MUSE fan 25 maaie 2013

  • 3 finalisten MUSE

Mei it swit op ‘e holle wurkje de trije finalisten, Petra, Sjoerd en Yvette, oan de swierste put dy't sy ea as keunstner hân hawwe. Foarige wike hawwe sy de opdracht krigen foar har finalewurk en nije wike moat it presintearre wurde. Miranda krijt amper gelegenheid om harren te steuren. It is in race tsjin de klok, tsjin de twivel, tsjin de wurgens, mar it is de muoite wurdich om no troch te setten. Nije wike witte wy wa't 'de bêste amateurkeunster fan Fryslân' is! En jo kinne meistimme. Help jo favorite keunstner oan de eksposysje yn it Fries Museum troch te stimmen fia www.muse.friesmuseum.nl!
Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)