MUSE fan 23 maart 2013

MUSE - ôflevering 1

De 50 dielnimmers dy’t út de 200 ynstjoerings selektearre binne, sammelje harren yn it Fries Museum. Guon sitte sichtber stiif fol senuwen as sy harren wurk toane oan de sjuery. Fan in pikante foto mei in Frysk hynder oant in smaaklik keunstwurk fan in kok, der komt fan alles foarby. Sjueryleden Saskia Bak, Steven Sterk en Remon de Jong hawwe de swiere taak de bêste 20 amateurkeunstners út te kiezen. Dy keunstners geane troch nei de folgjende ronde fan MUSE en sjochst werom yn ôflevering 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)