MUSE fan 19 july 2013

  • Sjoerd drok dwaande mei opbou

In libjend skilderij

Hjoed moatte de dielnimmers har nije wurk sjen litte, dat ynspirearre is op ien fan de topstikken út de kolleksje fan it Fries Museum. Ien kear hawwe sy de help ynroppe kinnen fan art director en ûntwerper Menno Landstra. It each fan de sjuery sil strang wêze, en it oardiel hurd. Guon kandidaten komme mei ferrassende resultaten, oaren hawwe it der sichtber swier mei hân. Komme sy mei in eigentiidske fersy fan it wurk fan keunstskilder Alma Tadema, of wurdt it in replika? Kok Sjoerd-Jan Edelenbos driget yn tiidneed te kommen mei de opbou fan in hiel grut (én libjend) skilderij.

MUSE, om 18:30 oere en dêrnei alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)