MUSE fan 16 augustus 2013

  • van der Laan & Woe trede op foar Kandidaten MUSE

Wa bin ik en wat is myn plak yn de wrâld? Elkenien stelt him dy fraach wolris, mar de fiif oerbleaune MUSE-dielnimmers sille dêr hurd oer neitinke dizze dagen. Want krekt dat is it tema fan it wurk dat sy meitsje moatte. Twa keunstwurken ditkear: in útsprutsen selsportret en in keunstwurk dat dúdlik makket hoe't de kandidaten nei de wrâld sjogge. Yn twa wiken tiid moat de opdracht folbrocht wêze. Om de kandidaten op wei te helpen, is der in spesjaal optreden fan it kabaretduo Van der Laan & Woe.
Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)