MUSE fan 14 juny 2013

  • Sjuery MUSE besjocht ynbrocht wurk

In spannende syktocht fan it Fries Museum nei de bêste amateurkeunstner fan Fryslân. Museumdirekteur Saskia Bak: “In iedere aflevering weten de deelnemers ons weer te verrassen.”. Presintatrise Miranda Werkman: "ik tink dat it foar elkenien in leuk programma is, net allinnich foar keunstleafhawwers". MUSE is alle freeds om 18:30 oere te sjen en wurdt de hiele jûn elk oere werhelle.

De 50 dielnimmers dy’t út de 200 ynstjoerings selektearre binne, sammelje harren yn it Fries Museum. Guon sitte sichtber stiif fol senuwen as sy harren wurk toane oan de sjuery. Fan in pikante foto mei in Frysk hynder oant in smaaklik keunstwurk fan in kok, der komt fan alles foarby. Sjueryleden Saskia Bak, Steven Sterk en Remon de Jong hawwe de swiere taak de bêste 20 amateurkeunstners út te kiezen. Dy keunstners geane troch nei de folgjende ronde fan MUSE en sjochst werom yn ôflevering 2.
Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Dit programma waard earder útstjoerd yn foarjier 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)