MUSE fan 12 july 2013

  • Jos makket foto fan topstik út depot

Yn it depot fan it Fries Museum steane tsientûzenen stikken, fan lyts oant grut, fan âld oant nij.
Ut dy ûnbidige kolleksje hawwe de konservatoaren spesjaal foar MUSE in tal topstikken selektearre.
Dêr kinne de sân kandidaten, dy't noch yn de race binne, har troch ynspirearje litte.
Want dat is de opdracht: meitsje in nij wurk dat in dúdlike relaasje hat mei ien fan dy topstikken.
Jan Osinga kin mar net in kar meitsje út alle pronkstikken, mar foar Jos Muller is it fuortendaliks dúdlik welk stik it bêste by him past, no’t der krekt in goeie freon fan him ferstoarn is.

Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Dit programma waard earder útstjoerd yn foarjier 2013

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)