MUSE fan 11 maaie 2013

  • petra yn petear mei Miranda

Hielendal allinnich hawwe sy it dwaan moatten: in selsportret meitsje en in wurk dat harren blik op de wrâld ferbyldet. De fiif kandidaten hawwe gjin help hân fan oaren. De striid falt harren hieltyd swierder. De twifel slacht ta. Boppedat fielt Petra har kwetsber ûnder it each fan de televyzjekamera's. Wa giet troch nei de finale? Der binne trije plakken te ferdielen, mar de sjuery is net bot te sprekken oer it wurk fan de kandidaten... Twa dielnimmers moatte nei hjoed nei hús, de oare trije bliuwe by ús. Fan 18:30 oant 19:00 oere op Omrop Fryslân Televyzje (werhelling de hiele jûn alle oeren).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)