MUSE fan 1 juny 2013 (finale)

  • 3 finalisten mei Miranda

Finale! Yn in live-televyzjeprogramma mei kritysk publyk en in konsintrearre sjuery moatte de trije lêste MUSE-kandiaten, Petra, Sjoerd en Yvette, mei it wetter foar de dokter. Sy meie har einwurk sjen litte en de sjuery sprekt har oardiel út. Mar it lêste wurd is oan jo! Want elkenien kin meibepale wa't de MUSE-winner wurdt. Jo kinne oant sneon 12:00 oere stimme fia ynternet op www.muse.friesmuseum.nl/stem. It belooft in spannende útstjoering te wurden, mei fansels ek leuke gasten wêrûnder televyzjepresintator Harmen Siezen en muzyk fan de Howdy Boys. En dan oan de ein fan de útstjoering is alles dúdlik en witte wy einlings wa't 'de bêste amateurkeunstner fan Fryslân' is!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)