Moreel kompas fan 30 augustus 2012

  • Annemarie van Gelder

Skriuwster Annemarie van Gelder is foarsitter fan de ‘Partij voor de Dieren’ yn Fryslân. Doe’t sy acht jier ferlyn by de partij kaam, fielde sy har foar it earst ûnder gelikense sielen.

De missy fan de politike partij is lykwols folle grutter as de soarch foar yndividuele bisten allinne. It giet de PvdD om de hiele wrâld as biotoop te sjen, dêr’t de minske in ûnderdiel fan is, mei ferantwurdlikheid foar it gehiel. Dy ferantwurdlikheid fielt Annemarie sterk en dat is ek wolris in lêst. Altyd mar op ‘e bres springe foar misstannen, stikken skriuwe, de mûle iependwaan. En dat foar in frou wêrfan’t de pake slachter wie...

Har útsprutsen moreel kompas makket dat sy wolris botst mei har omjouwing. Of dat net elkenien har radikale ynstelling folgje kin of wol. Der stie al ris in skieppekop op in stôk by har yn ‘e tún... En sels mei goeie freonen is it wolris lavearjen. Yn petear bliuwe, dat is it belangrykste, fynt Annemarie. Har man Frank van Genne is lang om let ek om en yt no ek fegetarysk.

Programmamakster Annet Huisman leit Annemarie oan ‘e ein fan in dei in pear morele dilemma’s foar. Wat docht Annemarie van Gelder bygelyks as sy in donorhert fan in baarch nedich hawwe soe..?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)