Moreel kompas fan 23 augustus 2012

  • Ira yn Moreel Kompas

It Moreel Kompas fan Ira Judkovskaja

Tongersdei 23 augustus is Moreel Kompas wer te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.
Dat simmerprogramma giet oer noarmen en wearden en it meitsjen fan karren yn it libben. Wat is dêrby ús kompas en wat hâldt ús dêrby op koers?

Foar dizze ôflevering fan Moreel Kompas hat Albert Jensma in ôfspraak mei Ira Judkovskaja. Ira is teatermakker/regisseur en artistyk direkteur fan Tryater. Sy is berne yn Moskou en groeide op ûnder it Sovjet rezjym yn de Kâlde Oarloch. As bern wie har grutste eangst dat sy de wrâldrevolúsje net mear meimeitsje soe, fertelt se. No moat sy der om gnize. As Ira 15 jier is, beslút har mem dat sy út Moskou wei moatte. It antysemitisme nimt sokke beëangjende foarmen oan, dat it foar in Joadske frou allinnich mei in jong famke te gefaarlik wurdt. Mem en dochter flechtsje nei Nederlân. Sels wol Ira net fuort, want sy is foar it earst fereale.

Yn it petear yn Moreel Kompas giet it oer hoe't Ira opgroeide, wat foar noarmen en wearden har bybrocht binne, wat dêrfan oerbleaun is en wat yn har eagen in goed libben is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)