Moreel kompas fan 26 july 2012

It Moreel Kompas mei Tjalling van der Goot

Yn Moreel kompas fan dizze wike rydt Albert Jensma mei strafadvokaat Tjalling van der Goot nei in saak yn Assen. Van der Goot stiet in man by dy't feroardield is foar it hawwen fan in himpkwekerij. Hy hat in wurkstraf krigen, mar kin dy net útfiere omdat er in swiere hertkwaal hat. En no wol de offisier fan justysje him efter de traaljes hawwe. It giet rjocht tsjin it rjochtfeardichheidsgefoel fan Tjalling van der Goot yn en hy wynt him der sichtber oer op. En dat hat er wol gauris.

Tjalling van der Goot is strafadvokaat en partner by advokatekantoar Anker en Anker en stie it ôfrûne jier rjocht yn de skynwerpers as advokaat fan Robert M. Ien fan de grutste sedesaken dy't ea yn Nederlân spile. En dat hat er witten.
‘Advokaat van de Duivel’ kopte in lanlike krante in ynterview mei him. Mear as fjouwertûzen minsken stjoerden him haatmailtsjes. Hoe krige hy it foar it ferstân om in massa-berneferkrêfter te helpen? Sy winsken him de meast slimme sykten ta en soene him en syn kliïnt oan de heechste beam opknoopje.

Hy hat se net allegearre lêzen, fertelt er, mar it docht him wol wat. It hat him net oan it twifeljen brocht oft er wol de goeie dingen docht. Nee, want elk minske hat rjocht op in goeie ferdigening, ek al binne de saken dêr’t je fan fertocht wurde noch sa freeslik. Sa tinkt er as advokaat en ek as privee persoan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)