Moai Fryslân fan 25 juny 2014 18:30

Moai Fryslân: Lânbou [Herhelling]

Fryslân is in echte lânbouprovinsje. It byld fan de blomrike greiden, it swartbûnte fee, de karakteristike pleatsen dy’t it flakke lân tekenje….wy kinne it allegear. Dochs is dit byld troch skaalfergrutting yn de lânbou de lêste desennia bot feroare. De pleatsen wurde grutter, it lân is meast as in biljertlekken sa grien. En it fee, dat wurdt meastentiids op stal hâlden. Yn de tredde ôflevering besiket Moai Fryslân der achter te kommen wat de moderne boer eins driuwt. En wat de gefolgen binne fan de skaalfergrutting op it lânskip en de romtlike kwaliteit fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
Moai Fryslân

Moai Fryslân

De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
(advertinsje)