Moai Fryslân fan 23 juny 2014 18:30

Moai Fryslân: Wenjen [Herhelling]

Yn de earste ôflevering fan Moai Fryslân stiet wenjen yn Fryslân sintraal. It is in tiid fan urbanisaasje. Ek yn Fryslân sjogge wy dat. Minsken wolle hjoed-de-dei it leafst yn ’e stêd wenje. It gefolch is dat doarpen konfrontearre wurde mei krimp en leechstân. Wat betsjut dat foar de romtlike kwaliteit yn sawol stêd as op it plattelân? En wat binne de oplossings om de negative gefolgen safolle mooglik te beheinen. Yn de ôflevering 'Wenjen' fan Moai Fryslân giet it oer de grutste útdagings foar stêd en plattelân en hoe ferhâlde dy harren ta it lânskip op de plakken dêr’t wy libje en wenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)