Moai Fryslân fan 12 april 2014 17:00

Moai Fryslân: Bedriuwen

Yn Moai Fryslân giet it yn dizze ôflevering oer bedriuwen. Yn Fryslân binne der hast 300 bedriuweterreinen, yn lytsere foarm en grutte foarm. Yn it generaal wurdt in bedriuweterrein lânskiplik net wurdearre, dy grutte blokkedoazen yn it lânskip binne net de meast moaie eleminten. En hoe moat dat as der in gebou leech komt te stean yn in doarp of stêd. Is it mooglik om dêr wer in bedriuw yn te festigjen?

Diel dit berjocht op:
Moai Fryslân

Moai Fryslân

De moaiste provinsje fan Nederlân. Sa wurdt Fryslân neamd. It makket ús grutsk. Mar hoe geane wy yn de werklikheid mei ús lânskip om. En hokker ynfloed hawwe wy as boarger op de ynrjochting fan dat lânskip. Yn Moai Fryslân bringt Omrop Fryslân yn gearwurking mei Lânskipsbehear Fryslân en de Fryske Miljeufederaasje yn kaart hoe’t wy Fryslân yn al syn ferskaat ynrjochte hawwe.
(advertinsje)