Minsken fan 6 maart 2012

Yn minsken de kommende twa wiken it bysûndere libbensferhaal fan Anneke Douma en Agnes Sambrink. Mem en dochter en fansels sjongeresessen. In ferhaal fan fertriet, geweld, sukses, humor en leafde.

Anneke Douma groeide op yn Ljussens en hie gjin maklike jeugd. Har mem ferstoar doe't se noch mar 14 jier wie. Yn de jierren dernei waard sy misbrûkt troch har heit. Dit hat in grutte ynfloed hân op de rest fan har libben.

Agnes waard berne út it houlik mei Pier Sambrink. Sy hiene in bliere tiid yn kafee Stadszicht yn Ljouwert dêr't Anneke en Pier muzyk makken mei de Sambrinco's. Dit gelok duorre lykwols net lang….Hoe't it ferhaal fierder giet is te sjen yn Minsken op tiisdei 6 en 13 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)