Minsken fan 28 augustus 2012

It twadde diel oer it libben fan Anneke Douma en Agnes Sambrink begjint as se werom komme nei Ljouwert nei in drege perioade yn Amersfoort. Anneke waard dêr swier mishannele troch har man fan doedestiids. It gesin fan mem en yntusken twa dochters (Agnes en Heidi) is totaal út balâns troch it húslik geweld.

Om wurk en gesin te kombinearjen stapt Anneke de hoareka yn. Earst yn Froubuorren en letter yn LJouwert. Dit wurdt gjin sukses; se komt yn de hannen fan de ûnderwrâld terjochte en se belibbet bange mominten. Mei de Bonkefeart komt dan yn de jierren '90 it grutte sukses foar Anneke, mar yn de leafde wol it mar net slagje... Dit programma is earder útstjoerd yn maart 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)