Minsken fan 26 juny 2012

Threelefthands
 
In soad jonge minsken dreame fan in frij libben, net bûn en mei aventoer. Yn de measte gefallen bliuwt it by in dream, mar Henk Rigter, Minne Bonnema en Marten Mulder foegen de died by it wurd. Sy sochten it aventoer yn Afrika. Under de namme ‘Threelefthands’ bleaunen sy twa jier op it kontinint en holpen se op harren eigen wize by pleatslike inisjativen. Mei eigen eagen seagen se dat ûntwikkelingshelp op in soad fronten mislearret. Ferline jier pakten twa fan de trije it projekt op ‘e nij op. Henk Rigter en Marten Mulder gienen op ‘e nij nei Afrika ta. Wat beweecht dizze twintigers om harren yn te setten foar minsken in pear tûzen kilometer fierderop en wat bringt it harrensels? Komme de dreamen út of wurdt it nei jierren fan aventoer tiid om te ‘settelen’? Yn minsken tiisdei in portret fan jonge mannen oer it libben, teloarstellings, relaasjes en de takomst.
 
Dit programma waard earder útstjoerd op 10 jannewaris 2012

Diel dit berjocht op:
Minsken

Minsken

Minsken is in rige portretten oer Friezen mei in bysûndere passy, libbenswize of karriêre, dy’t harren dêrfoar ynsette. It binne gjin bekende Friezen, mar gewoane minsken dy'tst alle dagen tsjinkomme kinst, mar dy’t dochs in hiel bysûnder libben hawwe.
(advertinsje)