Minsken fan 24 july 2012

Ik wol inkeld mar swimme

Fisk is, lykas fûgels, wend om te trekken yn ‘e maitiid en yn ‘e hjerst. Sy folgje al miljoenen jierren deselde rûte fan de Fryske boezem nei de Iselmar en de Waadsee en oarsom. Mar op de rûte lizze yn ús tiid in soad obstakels, lykas keardammen, slûzen en gemalen. Fisken kinne harren natuerlike ynstinkt dêrtroch net mear folgje en in protte soarten driigje te ferdwinen. In foarbyld is de iel, dy’t yn Fryslân yn oantal bot efterút gongen is. De iel komt nei Fryslân út de Sargassozee wei, tûzenen kilometers hjirwei en ien kear by de kust oankaam, kin de iel der net yn.

Om dêr wat oan te dwaan binne de Fryske wetterynstânsjes lykas it Wetterskip, de natuerorganisaasjes en de beropsfiskers oan 'e slach gien. Op in soad plakken wurde de fisken no holpen. Faak wurde tûke oplossings betocht, lykas it brûken fan in gemaalpomp om fisken te skutten of it oanlizzen fan in fiskkoker dwers troch de Iselmardyk.

Yn dit programma wurdt de wetterskipper Pier Schaper folge. Hy set him mei hert en siel yn om it wetter yn Fryslân trochgonklik te meitsjen foar fisk. Gemaalbehearder Klaas Kuiken by Roptasyl giet oan ‘e slach mei it tellen fan tûzenen glêsieltsjes en we gean mei de frijwilligers fan de fiskatlas op 'en paad, om te sjen wat der allegearre te ûntdekken falt ûnder wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)