Minsken fan 24 jannewaris 2012

24 oeren deis en 7 dagen yn 'e wike steane de bisteleafhawwers fan de Ljouwerter diereambulânse klear om sûne, sike of deade bisten te ferfieren. De frijwilligers wurde geregeld konfrontearre mei ekstreme situaasjes lykas: mishanneling, fertutearzing en de dea. Sadwaande freget it wurkjen by de diereambulânse it nedige fan harren ynkassearringsfermogen.

Jof Eekhof is ien fan de 30 frijwilligers dy't him trije dagen yn 'e wike ynset foar de bisten dy't syn help nedich ha. Faaks wurdt hy derby holpen troch stazjêre Mandy Boonstra. Sy rint fanút har oplieding oan it AOC yn Ljouwert in perioade mei Jos mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)