Minsken fan 21 augustus 2012

Yn minsken de kommende twa wiken it bysûndere libbensferhaal fan Anneke Douma en Agnes Sambrink. Mem en dochter en fansels sjongeresessen. In ferhaal fan fertriet, geweld, sukses, humor en leafde.

Anneke Douma groeide op yn Ljussens en hie gjin maklike jeugd. Har mem ferstoar doe't se noch mar 14 jier wie. Yn de jierren dernei waard sy misbrûkt troch har heit. Dit hat in grutte ynfloed hân op de rest fan har libben.

Agnes waard berne út it houlik mei Pier Sambrink. Sy hiene in bliere tiid yn kafee Stadszicht yn Ljouwert dêr't Anneke en Pier muzyk makken mei de Sambrinco's. Dit gelok duorre lykwols net lang…. Dit programma is earder útstjoerd yn maart 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)