Minsken fan 20 maart 2012

Hessel, de sjongende kroechbaas fan Skylge, fiert 24 maart dat hy 40 jier yn it fak sit. Doe't hy noch 16 wie begong hy yn it kafee de Groene Weide yn Hoarne (Hoorn). De winst moast yn it begjin foaral fan de patatsaak komme want in protte gasten kamen der net. Ut ferfeling spile Hessel alle dagen gitaar en dat is yn de rin fan de jierren just de kaai fan it grutte súkses.

Jûn yn Minsken diel 1 oer it libben fan Hessel van der Kooij. Hy fertelt oer hoe't syn heit en mem mei hurd wurkjen in better bestean opbouden foar it gesin. Dat hurde wurkjen is de reade tried yn it libben fan Hessel en dat hâldt net op by de Groene Weide.

Diel dit berjocht op:
Minsken

Minsken

Minsken is in rige portretten oer Friezen mei in bysûndere passy, libbenswize of karriêre, dy’t harren dêrfoar ynsette. It binne gjin bekende Friezen, mar gewoane minsken dy'tst alle dagen tsjinkomme kinst, mar dy’t dochs in hiel bysûnder libben hawwe.
(advertinsje)