Minsken fan 10 july 2012

It televyzjeprogramma ‘Minsken’ komt mei in portret fan Sjoerd van der Veen en Durk Hoekstra fan Burgum. Sjoerd is 54 jier, Durk 72 jier en de mannen binne beide slim siik. Sjoerd hat multipel skleroaze en hy kin dêrtroch hast net mear rinne. Durk waard seis jier ferlyn troffen troch in harsenblieding. Hy rekke dêrtroch foar in part ferlamme, kin net mear rinne en hast ek net mear prate. In april 2011 makke it programma ‘Hea!’ in portret fan de beide mannen. ‘Minsken’ wie benijd nei it ferhaal achter de twa freonen en woe witte hoe’t it no mei harren is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)