Merkeblues fan 5 oktober 2013

  • Opnames yn feestinte

Merke Blues spilet him ôf yn it fiktive doarp Litsum. It is it ferhaal fan in jonge dy’t nei acht jier bûtenlân werom giet nei Fryslân om wer ris in doarpsmerke mei te meitsjen. Hy falt as in blok foar in frou dêr’t syn broer eartiids in relaasje mei hie. Dizze broer is doe by in auto-ûngemak om it libben kaam. Dit en de wize wêrop dat gongen is stiet de leafde tusken dizze beide jonge minsken gâns yn it paad. Tsjin de eftergrûn fan it feest, dêr’t de meast kleurrike figueren omstappe, besykje hja it ferline ôf te sluten. Mei prachtige bylden fan Fryslân, har doarpen en har minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)