Merke Blues fan 15 augustus 2015 17:00

(Werh.) Merke Blues spilet him ôf yn it fiktive doarp Litsum. It is it ferhaal fan in jonge dy’t nei acht jier bûtenlân werom giet nei Fryslân om wer ris in doarpsmerke mei te meitsjen. Hy falt as in blok foar in frou dêr’t syn broer eartiids in relaasje mei hie. Dizze broer is doe by in auto-ûngemak om it libben kaam. Dit en de wize wêrop dat gongen is stiet de leafde tusken dizze beide jonge minsken gâns yn it paad. Tsjin de eftergrûn fan it feest, dêr’t de meast kleurrike figueren omstappe, besykje hja it ferline ôf te sluten. Mei prachtige bylden fan Fryslân, har doarpen en har minsken. Dit programma wurdt yn twa dielen útstjoerd. Hjoed diel twa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)