Liet Ynternasjonaal fan 24 desimber 2012

Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderhiedstalen bestiet 10 jier. Nei de start yn Fryslân reizget dit festival no troch Europa en liket elts jier oan kwaliteit te winnen.
Gijón, de grutste stêd yn Astûrje yn Spanje wie dit jier gasthear. Alve groepen joegen dêr op 1 desimber acte de présence. Yldau, de band rûn sjongeressen Yldau Bijlsma en Yldau Hoekstra ferstjinwurdige Fryslân. Se einigen úteinlik op it sânde plak.
Grutte winner wie Lleuwen Steffan, de sjongeres út Bretagne. Se komt út Noard Wales en is dus beide Keltyske talen machtich.
De publykspriis wie foar de Asturiana Mining Company, dy spile foar eigen publyk. In nije taal dit jier wie it Urdmurtysk, in lytste taal út it gebiet fan de Russyske Oeral.
De oanwêzigens fan in aksjegroep yn de seal dy't oandacht freget foar de posysje fan it Astûrysk wiist derop, dat it sjongen yn minderheidstalen ek in polityk-maatskiplik kwestje is. It fuortbestean fan al dy talen is ûnwis en dêr wol it festival net direkt, mar miskyn wol yndirekt in rôl yn spylje. (foto: Lleuwen Steffan)

Diel dit berjocht op:

Liet Ynternasjonaal

( Werh.) Op 5 maaie wûn Bruno Rummler Liet 2014 my in liet oer syn beppe, hy sjongt foar ús op freed 12 desimber op de 10e edysje fan Liet Ynternasjonaal yn Oldenburg. Bruno is de neef fan Doede Bleeker, dy’t him yntrodusearre hat yn de muzykwrâld. Ta elkenien en ek syn eigen ferwûndering wûn hy it festival fuortendaliks. En no sil hy dus foar ús it Europeeske podium beklimme. Nei de dielname fan Föfftig Penns oan Liet Ynternasjaal 2009, waard yn Oldenburg begûn mei it sjongfestival Plattsounds, in sjongfestival foar lieten yn it Platdútsk. De organisatoaren fan dat festival en teater Kulturetage binne hiel bliid dat Liet Ynternasjonaall 2014 yn Oldenburg plakfynt.
(advertinsje)